Utwreiding skipshelling Makkum

© Omrop Fryslân
Skipshelling De Vries út Makkum hat grutte plannen foar de bou fan ekstra wurkpleatsen. Ek moat it dok dêr't de megajachten makke wurde mei 70 meter ferlingd wurde.
De helling is sûnt de oername fan it fallite Amels twa jier lyn in kear sa grut wurden. It tal wurknimmers is ferdûbele fan 70 nei 140. Mei de bou fan in pear nije lúkse jachten komme dêr noch 100 by. De nijbouplannen lizze noch by de gemeente Wûnseradiel.