Springe foar skjin wetter

14 jul 2007 - 13:08

Sneintemiddei om trije oere sille op hûnderten lokaasjes yn Europa minsken yn it wetter springe om sjen te litten dat se skjin en libjend wetter belangryk fine. In saneamde Big Jump.

Ien fan dy plakken is It Marke fan Hee op Skylge. Hjir sille sa'n 35 jongeren tusken de 10 en 25 jier fan de Nederlandse Jeugdbond voor Natuurstudie, de NJN, en de Stichting Reinwater springe. Yn 2006 hawwe sa'n 250.000 minsken meidien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)