Ynbraak bedriuw Appelskea

© Omrop Fryslân
De plysje yn Appelskea hat sneontemoarn in 42-jierrige man út Emmen oanholden by in ynbraak yn in bedriuw oan de Vaart Zuidzuide.
Tsjûgen hearden fertochte lûden en warskôgen de plysje. Dy sêch by oankomst in man fuortrinnen. Nei in pittige sprint waard de fertochte troch in plysjeman oermastere. Ut ûndersyk by it bedriuw die bliken dat der meardere dieders belutsen wiene by de ynbraak.