Ekstra treinen Wolvegea

© Omrop Fryslân
Fan 10 desimber ôf ride der mear treinen tusken Wolvegea en Ljouwert.
De ekstra treinen wurde ynsetten troch de Nederlânske Spoarwegen op fersyk fan de provinsje. Jûns komme der yn de spits yn totaal acht treinen by en moarns sil der ien ekstra trein ride. De provinsje wol it leafst dat der mear treinen ynsetten wurde op it folsleine trajekt tusken Stienwyk en Ljouwert, mar neffens NS is dat op it stuit net mooglik.