Drokke Swipedei
Goed 2600 besikers wienen freed op de tradisjonele Swipedei op De Jouwer. Mei dit jier in wol hiel bysûndere race. Want nei in grut oantal jierren waard 'De fjouwer fan de Jouwer' ferriden. Dat is in drafwedstriid oer fjouwer kilometer.
Der kamen 110 hynders oan de start op 'e Jouwer. Se rieden foar in prizepot fan 26.000 euro.