Ofspraak fia kompjûter

13 jul 2007 - 12:53
Pasjinten kinne fia kompjûter in ôfspraak meitsje

Pasjinten fan De Sionsberg yn Dokkum kinne nei de simmer fia de kompjûter in ôfspraak meitsje foar in behanneling. Dat moat no fia de baly of de telefoan fan it sikehûs.

Foardiel fan it nije systeem is dat pasjinten op elk momint fan de dei in ôfspraak regelje kinne. Ek wurdt de pasjint alfêst frêge wêr't er foar komt en wurdt dy trochferwiisd nei de folders mei ynformaasje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)