Nij boek oer skûtsjesilen

© Omrop Fryslân
Alle 1100 Fryske skûtsjes dy't tusken 1887 en 1933 registreerd binne, binne werom te finen yn in nij boek oer it skûtsjesilen: Van Ambulant tot Zwaluw. Yn it boek wurdt ûnder oare skreaun oer de oarsprong fan skûtsjenammen en hoe't skippen eartiids registreard waarden.
Auteurs Jelmer Kuipers en Koos Rademakers ha foar it boek nei Rotterdam west, dêr't alle merken fan skippen registreard stean.