Cambuur ferliest fan Falkirk

12 jul 2007 - 21:28

Fuotbalclub Cambuur hat tongersdeitejûn mei 0-1 ferlern fan Falkirk, de nûmer 7 fan de Skotske earedivyzje.

It iennige doelpunt waard makke yn de 19e minút troch Russel Latapy. Yn de 85e minút koe Cambuur noch gelyk komme, mar Marinus Dijkhuizen miste in strafskop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)