Grypprik meiwurkers MCL

12 jul 2007 - 21:16

In grypprik foar meiwurkers fan sikehûs MCL-Ljouwert moat it gryprisiko by pasjinten en bewenners ferlytse.

Wurkjouwer, Zorggroep Noorderbreedte, nimt hjir mei in advys fan De Gezondheidsraad oer. Noorderbreedte sil de kosten fan de grypprik sels betelje. It giet om in bedrach fan in pear tsientûzenen euro's. De ferwachting is dat fyftich prosint fan de meiwurkers in grypprik helje sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)