Swiere lotting om KNVB-beker
De fuotballers fan Jong Hearrenfean en Cambuur hawwe swier lotte yn de twadde ronde fan de KNVB-beker. Jong Hearrenfean moat it opnimme tsjin PSV en Cambuur komt út tsjin AZ. De wedstriden wurde ein septimber spile.
De earste seleksje fan SC Hearrenfean komt yn 'e twadde ronde fan de KNVB-beker út tsjin de amateurs fan Argon-Noordwyk.