Trekker yn 'e brân

12 jul 2007 - 16:19

By Jutryp is tongersdei in trekker útbaarnd. Hy wie ûnderweis fan De Lemmer nei Boalsert, doe't by De Hommerts de motor begûn te rikjen. De bestjoerder sette de trekker oan de kant, mar koe neat fine en ried doe wer fierder yn de rjochting Snits.

By Jutryp sloech de reek oer yn in útslaande brân. De bestjoerder warskôge de helptsjinsten. De brânwacht fan Drylts wie der gau by, mar de trekker baarnde folslein út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)