ICT-sektor yn 'e lift
It giet wer better mei de ICT yn it Noarden. Dat konstatearret de ICT-feriening Noard-Nederlân. Undernimmers doare wer mear te ynvestearjen yn saken lykas ynternetsiden. Dat betsjut dat it tal opdrachten by ICT-bedriuwen tanimt.
Ek doare wer mear minsken it oan om in eigen ICT-bedriuw te begjinnen.