Autodiken krije nij asfalt

Underhâldswurk oan de Fryske autodiken soarget de kommende tiid foar in soad ferkearsoerlêst. De A6, A7, A31 en de A32 krije in nije asfaltlaach. It wurk begjint nei de boufak en duorret oant oktober.
Der wurdt safolle mooglik nachts en wykeins wurke, mar oerlêst is net foar te kommen. Op de twa wykeinen dat de A32 ôfsluten is, kinne reizgers foar 2 euro hinne en wer mei de trein fan Ljouwert nei It_Hearrenfean.