Drugsfertochte yn Ljouwert

12 jul 2007 - 11:07

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in man oanhâlden foar drugsbesit. De man soarge op 'e Leeuwerikstrjitte foar oerlêst. Doe't de plysje him kontrolearre om te sjen oft er identiteitspapieren by him hie, kamen der in boltsje mei nei alle gedachten speed, en in fleske mei mooglik GHB foar it ljocht.

De fertochte smiet it spul gau fuort en besocht út te naaien. Dat slagge net. Hy is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)