Brêge Ofslútdyk bleau iepen

© Omrop Fryslân
In stikkene brêge yn de Ofslútdyk by Den Oever hat it autoferkear rjochting fan Fryslân tongersdei behindere. De brêge woe net mear omdel en sa ûntstie der in lange file. It ferkear waard in skoft lang advisearre om oer de dyk Enkhuzen-Lelystêd te riden.
Yntusken is de brêge wer ticht, mar de it probleem is noch net oplost. De brêge kin no net iepen foar de skipfeart. Dat kin noch wol in pear oeren duorje, tinkt Rykswettersteat.