Grou: automobiliste meisleurd

© Omrop Fryslân
Yn Grou is in frou (59) út Meppel mei har auto op in plysjeauto botst. Dat barde woansdeitenacht by in kontrôle. Om har rydgedrach hâlde de plysje de frou op de Stasjonswei oan. Nei in stopteken sette se de auto oan 'e kant.
Lykwols, se hie de automaat net yn de parkearstân, mar yn de achterút set. De auto begûn te riden mei de frou heal achter it stjoer. Se waard trije meter oer de grûn meisleept. De frou wie dronken en krige prosesferbaal.