Keatsers helpe handikapten

12 jul 2007 - 09:55

Seis handicapte-organisaasjes hawwe woansdei elk tûzen euro krigen by de jongeskeatspartij yn Easterbierrum. It jild wie byelkoar brocht troch de 48 keatsers, dy't foarôfgeand oan de wedstriid koeken ferkochten. Ek gie in diel fan it sponsorjild nei de aksje foar de handicapten.

De wedstiid sels waard wûn troch Tsjerk Elsinga út Winaam, Arnold Zijlstra fan Tsummearum en Aaron Postma út Stiens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)