Squashe yn sintrum Drachten

11 jul 2007 - 17:30

Yn it sintrum fan Drachten binne woansdeitemiddei ferskate squash- en tenniskliniks hâlden. Bern út de omkriten fan Drachten koene in baltsje slaan tsjin squash-wrâldkampioen David Palmer of tsjin de Nederlânske tennisser John van Lottum.

Der wiene fjouwer tennisbanen opsetten en ien grutte glêzen squashbaan. Mear as 150 bern kamen ôf op de kliniks. It doel fan de middei wie bern oan it beweechjen te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)