Krityk op staazjes by Pantera

11 jul 2007 - 16:57

Rôfbiste-opfang Pantera hat in advokaat ynskeakele om te sjen as se in rjochtsaak oanspanne kinne tsjin Aequor. Dat is in kommersjele ynstelling dy't staazjeplakken beoardielt. Pantera mei fan Aequor foarearst gjin stazjêres mear ha, om't der klachten binne oer de feilichheid en behanneling fan de staazjerinners.

Pantera hat oer it algemien fjouwer stazjêres yn it jier. In pear soene kleid hawwe; ûnterjochte, seit Pantera.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)