Piip Drylts yn it ljocht set

© Omrop Fryslân
De skoarstienpiip fan it eardere Nooitgedagt-fabryk yn Drylts komt fan novimber ôf yn it ljocht te stean. Boppedat komt der in webcam boppe-op en kin der by spesjale gelegenheden noch reek útkomme.
Ferline wike is de piip op de âlde hichte, 30 meter, werombrocht. De earste 22 meter binne fan stien, de boppeste acht meter is in stielen konstruksje. De toer soe in beaken yn súdwest-Fryslân wurde moatte.