'Prostituee pas fanôf 21 jier'

11 jul 2007 - 15:29

De leeftiidsgrins foar prostituees moat omheech fan 18 nei 21 jier. Dat wol Fier Fryslân, de eardere frouwe-opfang. Se skriuwe dat yn in petysje oan de Twadde Keamer.

Neffens ûndersyk binne de measte slachtoffers fan loverboys tusken de 18 en 21 jier. Neffens Fier Fryslân binne dizze famkes te jong om loverboys te kearen. De PVV hat de minister Rouvoet ek al frege om de leeftiidsgrins oan te passen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)