Plysjeburo Skier no klear

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach is woansdei lang om let it nije plysjeburo iepene. Jierrenlang wie it gebou oan de Middenstreek ûnderwerp fan diskusje op it eilân. In âlde 19e-ieuwske plysjekommissariswente moast sloopt wurde om plak te meitsjen foar in modern gebou.
De nijbou foldocht oan alle ARBO- easken. Mei ferskate juridyske prosedures ha guon eilânbewenners noch besocht de bou te kearen.