Aris ferliest nei ferlinging

Aris © Omrop Fryslân
De basketballers fan Lasaulec Aris hawwe sneontejûn nei ferlinging ferlern mei 99-90 fan Nijmegen. Yn it Kealledykje waarden de taskôgers traktearre op in spannende wedstriid, wêryn't beide ploegen fol foar de winst gongen. Oan de ein fan it fjirde kwart stie der in stân fan 87-87 op it skoreboerd. En sadwaande draaide it út op ferlinging.
Dêryn lieten de Ljouwerters it skoarend lykwols hielendal ôfwitte, wêrtroch Nijmegen ienfâldich mei de winst oan de haal gong.
Troch it ferlies bliuwt de striid om it fyfde plakje foar de play-offs noch hielendal iepen. Konkurrint Zwolle ferlear nammentlik ek yn eigen hûs. Sneon 7 april moat Aris it opnimme tsjin de nûmer 2 Leiden.