Frijspraak Michael Dingsdag

© Omrop Fryslân
Fuotballer Michael Dingsdag kin gewoan spylje oan it begjin fan de nije kompetysje. De Hearrenfean spiler waard frijsprutsen troch de kommisje fan berop fan it fuotbalbûn, de KNVB. Yn de neikompetysje wedstriid tsjin Ajax soe Dingsdag in oertreding makke ha op Klaas Jan Huntelaar.
Der hinge de ferdigener in skorsing fan fjouwer wedstriden boppe de holle. In bewegingsspesjalist koe oantoane dat der gjin opset yn it spul wie.