Undernimmersprotest yn Balk

25 mrt 2012 - 13:54

De ûndernimmers oan de Van Swinderenstrjitte yn it sintrum fan Balk binne lilk op it gemeentebestjoer. Dat hat nammentlik besletten om dy strjitte de kommende simmer yn it wykein ôf te sluten foar it ferkear. Ferline simmer is dat by wize fan eksperimint ek dien en de ûnderfinings fan winkeliers en publyk wiene útienrinnend.

De ûndernimmingsferiening miende dat se noch yn ûnderhanneling wie mei de gemeente, mar krige ferline wike it berjocht dat it wer krekt sa gean sil as ferline jier. Moandei sille se by de gemeente protestearje.

It is net sa dat de winkellju hielendal gjin ôfsluting wolle, mar se wolle it net wer sa as ferline jier. De gemeenteried praat tiisdei oer it plan fan b. en w.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)