Postma op kop op WK silen

© Omrop Fryslân
Finn-siler Pieter Jan Postma fan Terkaple stiet op it WK silen yn Portugal op kop yn syn klasse. Hy waard 5e en 6e by de wedstriden fan tiisdei, mar dat wie in ein better as syn direkte tsjinstânner.
Woansdei is de slotdei fan it WK yn Cascais. Yn twa koarte wedstriden wurdt it kampioenskip beslist. It bliuwt noch spannend, want de earste fiif sitte flak by inoar yn it klassemint.