Byienkomst Appelskea freedsum

10 jul 2007 - 17:35

De diererjochte-aktivisten dy't yn Appelskea in ynternasjonale gearkomste hâlde sille, begripe neat fan 'e krityk. De CDA-Steatefraksje hat minister Hirsch Ballin frege om in ferbod fan de meeting.

De aktiviteiten binne freedsum fan karakter. 'Yn in wrâld dêr't terrorisme in reële driging is, is it apart dat politisy har drok meitsje oer in geweldleaze gearkomste fan dierefreonen', skriuwe de aktivisten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)