Sibon werom by Hearrenfean
Gerarld Sibon komt werom by SC Hearrenfean. De oanfaller dy't earder al fan 2002 oant 2004 foar Hearrenfean útkaam tekent in kontrakt foar twa jier. Sibon moat noch wol troch de medyske keuring.
De oanfaller gie yn 'e simmer fan 2004 nei PSV. It ôfrûne seizoen spile de 33 jierrige Sibon foar it Dútske FC Nürnberg.