Farrende huzen yn Ljouwert

10 jul 2007 - 16:00

Yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren binne tiisdei de earste twa farrende wenten oankommen. De driuwhuzen binne boud op in skipswerf yn Hoarn. Se hawwe trije ferdjippings en binne oer de Iselmar en it Prinses Margriet Kanaal nei Ljouwert ta sleept.

Der komme sân fan sokke wenten, elk op in betonnen ponton. Omdat de huzen ûnsinkber binne, falle se ûnder ûnreplik guod. De sleepboat hie te folle djipgong om se oan te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)