Gemeente lit aktivisten komme

Boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf docht neat tsjin de komst fan diererjochte-aktivisten nei Appelskea. It CDA yn 'e Fryske Steaten fynt dat it om terroristen giet en dat der yngrypt wurde moat.
Oosterman seit gjin sinjalen te hawwen dat it út 'e hân rinne sil. Hy hat oerlein mei plysje en justysje oer de komst fan de aktivisten. Op de jierlikse 'landdagen' op 'e camping giet it ek altyd goed, seit Oosterman.