BBB docht it lanlik goed
De Fryske televyzjesearje Baas Boppe Baas docht it goed op de lanlike televyzje. Moandeitejûn seagen 354.000 minsken nei de avontoeren fan Beant Baas-en-dy. Dat docht bliken út sjochsifers fan 'e NOS.
Baas Boppe Baas skoart dêrmei 'neffens ferwachting', seit in wurdfierder fan de KRO. De KRO stjoert de Omrop Fryslân-searje op 't heden alle dagen út, jûns om sân oere hinne.