Gjin trainingskamp aktivisten

CDA-Steatelid Rendert Algra: we moatte hjir gjin terroristen hawwe
De steatefraksje fan it CDA is tsjin de komst fan in trainingskamp foar aktivisten yn Appelskea. Op 'e 'anargistencamping' dêr soene hûnderten aktivisten les krije moatte. It giet dan benammen om striders foar diererjochten.
De steatefraksje fan it CDA fynt dat it om terroristen giet. De besikers krije les yn fêstketenjen, selsferdigening en it omgean mei finzenisstraf.