Rekkenkeamer Harns stapt op

© Omrop Fryslân
De rekkenkeamerkommisje fan Harns stapt op. De leden binne it net iens mei de wize wêrop de ried en it kolleezje omgean mei it krityske rapport dat de rekkenkeamer earder makke. Dêryn stiet dat de gemeente Harns struktureel te folle jild oerhâldt. Wethâlder Waaijer stapte nei oanlieding fan dy krityk op.
De leden binne lulk om't der noch net ynhâldlik diskuseard is oer it rapport.