Heroïnepost letter iepen

09 jul 2007 - 13:49
Foto: Omrop Fryslân

De heroïnepost oan it Súdfliet yn Ljouwert giet mooglik in moanne letter iepen as de bedoeling wie. De ynspeksje foar de folkssûnens hat de ynrjochting fan it pand ôfkard. De kesinen hinderje it sicht fan de ferpleechkundigen. Dy kinne net sjen oft de ferslaafden harren drugs ek wol echt opbrûke.

De opfang kin past iepen as de sichtlinen ferbettere binne. 25 ferslaafden krije dêr har heroïne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)