Strannen Skylge tenei himmele

09 jul 2007 - 13:27

De strannen fan Skylge wurde tiisdei himmele. Alle jierren sille Staatsbosbeheer, Rijkswaterstaat en de gemeente tenei de strannen skjinmeitsje oan it begjin fan it toeristeseizoen.

By de noardwesterstoarm en it hege wetter fan in pear wiken lyn is der in soad rommel oanspield. Moarns om healwei achten begjinne de organisaasjes mei himmeljen. De strânwachten sille ek helpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)