Hagel as knikkerts yn Menaam
Troch in swiere hagelbui seagen Menaam en doarpen dêrom hinne der om tolve oere út as of it winter wie. Troch in dikke laach hagel wie alles wyt.
Hagelstiennen sa grut as knikkerts foelen der út de loft. By de kassen fan Empatec yn Menaam koe it wetter net fuort en ûntstie oerlêst.