'Seelijn foar kontenerferfier'

09 jul 2007 - 12:39

Der moat op koarte termyn tsientallen miljoenen yn de haven fan Harns ynvesteard wurde om de eksploitaasje fan in seelijn foar kontenerferfier op te setten. Neffens direkteur Rinsma fan it Harlinger Overslag en Veembedriuw HOV liket de tiid ryp foar it opsetten fan sa'n nije aktiviteit.

De lijn dy't no tusken Harns en Rotterdam fart hat de groei aardich te pakken. Nei ferwachting wurde dit jier 18.000 konteners ferfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)