Bergsma en Steigenga op dreef

© Omrop Fryslân
Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is snein yn de meardaagse fan it Norsk Sykle Festival as twadde einige yn it einklassemint. Nei fiif dagen hurdfytsen yn Noarwegen waard Fokke Postma fan Drachtsterkompenije fiifde.
Sierd Steigenga fan Eksmoarre hat snein it kritearium fan Schoonoord wûn. Jan Hendrik Westra fan Oerterp waard twadde, René Hooghiemster fan Oentsjerk tredde.