Bouma-en-dy winne yn Boalsert
Jochum Bouma, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendyk wûnen snein de frije formaasjepartij yn Boalsert. Yn de finale wûn it partoer fan Bouma mei 5-2 en 6-4 fan Simon Minnesma, Tjitte Bonnema en Folkert van der Wei. Groenendijk waard kening.
De lytse preemje gie nei Klaas Berkepas, Pieter Scharringa en Daniël Iseger.