Tsjerkepaad mei 100 tsjerken

08 jul 2007 - 15:13

Hûndert Fryske tsjerken dogge simmer mei oan it projekt Tsjerkepaad. Dat betsjut dat dizze tsjerken fan july oant heal septimber alle sneonen iepen binne foar besikers. De start fan Tsjerkepaad 2007 wie sneon by de katolike tsjerke op 'e Gordyk.

Yn Súdeast-Fryslân dogge dit jier 23 tsjerken foar it earst mei oan it projekt. It doel fan de Ried fan Tsjerken is om op termyn alle tsjerken meidwaan te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)