Fryslân wint fierljeptwakamp
Fryslân hat sneon yn Drylts de fierljeptwakamp mei lyts ferskil wûn fan Hollân. It ferskil wie úteinlik mar 1.97 meter. Ferline jier ferlear Fryslân noch foar it earst sûnt 15 jier fan Hollân.
Yn it yndividuele klassemint gie de winst nei Jaco de Groot fan Kamerik. Hy sprong 18.70 meter. Bart Helmholt fan Hurdegaryp waard twadde mei 18.62 meter.