Kij bûten doar: in stik sûner

08 jul 2007 - 12:28

De kâns op kanker by it drinken fan molke fan bûtenrinnende kij út de Fryske Wâlden is in stik lytser as fan kij út it rêst fan it lân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Wageningen universiteit.

Yn de molke fan dy kij sitte folle mear fetsoeren as yn dy fan kij dy't net bûten rinne. Dêrmei is de molke in stik sûner. Sechtich boeren út de Fryske Wâlden ha oan it ûndersyk meiwurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)