Reade Krús yn aksje foar Laos

© Omrop Fryslân
It Reade Krús yn Fryslân begjint in kampanje om in bedrach fan 100.000 euro byinoar te krijen foar helpprojekten yn Laos, in earm lân yn Súdeast Azië. De Fryske ôfdielings meie sels bepale hokker aksjes se betinke om jild foar Laos binnen te heljen.
De 100.000 euro wurdt yn de provinsje Sekong bestege oan sanitaire- en drinkwetterfoarsjennings. Ek sûnensprojekten krije bydragen.