Hearrenfean wint oefenduels

© Omrop Fryslân
Sc Hearrenfean hat sneon de earste twa oefenduels yn 'e tarieding op it nije fuotbalseizoen efter de rêch. Tsjin treddeklasser SV Lelystêd waard der mei 3-0 wûn.
Letter op de dei de twadde wedstriid tsjin in regioteam út Gaasterlân. De thúsploech kaam ferrassend op foarsprong, mar dêrnei kaam Hearrenfean op toeren. Troch ûnder mear twa doelpunten fan Kristian Bak Nielsen en Ugur Yildirim waard it 10-1.