Kassenberg wint Olde Wierde

© Omrop Fryslân
Yvonne Kassenberg út Burgum hat sneon yn De Pein de Olde Wierdeloop wûn. Se rûn de heale maraton yn 1 oere, 31 minuten en 3 sekonden.
By de manlju wûn Jan Venhuizen út Smilde. De Fries Saher Youssef, dy't ferline jier it parkoersrekord rûn, wie te let by de start. Hy gie noch wol fan start en soe sels twadde wurden wêze, mar hy rûn mei sin by de finishline lâns. Dêrtroch koe syn oankomsttiid net fêststeld wurde.