Keatsers rinne fan fjild ôf

07 jul 2007 - 17:13

De haadklasse útnoegingspartij keatsen yn Boalsert is sneon stillein. De spilers rûnen út protest it fjild ôf. Se fûnen it te glêd en woene op fuotbalskuon keatse, mar dat mei net. De opstapte keatsers moatte no foar de strafkommisje ferskine. Dat binne ûnder oare Rutmer van der Meer, Klaas Berkepas en Simon Minnesma.

Snein is in Boalsert in frije formaasjepartij. It is noch net bekend hoe't it dêrmei komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)