Poer yn stasjonsrestauraasje

07 jul 2007 - 14:31
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat freedtejûn yn de stasjonsrestauraasje yn Ljouwert in 39-jierrige ynwenner fan Minnertsgea oanhâlden. De man lei te sliepen en woe net fuortgean doe't de plysje him dat frege. Hy waard lilk en begûn mei meubels te smiten.

De plysje moast pepperspray brûke om de man oanhâlde te kinnen. Hy sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)