Bemiddelder bewusteleas slein

© Omrop Fryslân
In 36-jierrige ynwenner fan De Pein is freedtenacht ferwûne rekke by fjochterij yn Surhústerfean. It slachtoffer kaam in kroech út en seach dat op strjitte minsken meielkoar oan it fjochtsjen wiene.
De man besocht de rûzje del te bêdzjen, mar krige sels in klap foar de holle. Hy rekke út 'e tiid en waard mei ferwûnings oan de holle mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.