Baas patatkream krijt kopstjit

07 jul 2007 - 14:18

De plysje hat freedtenacht yn Rie in man fan 35 jier út de gemeente Frjentsjerteradiel oanhâlden foar mishanneling. De fertochte hie spul krigen by in patatkream. De útbater krige dêrby in kopstjit. De 44-jierrige man út de gemeente Menameradiel moast nei it sikehûs mei ferwûnings oan 'e holle.

De fertochte sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)