Boete foar caravans
Njoggentjin autobestjoerders dy't in karavan of oanhingkarre achter de auto hiene, binne freed troch de plysje op de bon slingere. De kontrôle wie op It Hearrenfean fanwege it begjin fan de simmerfakânsje yn Noard-Nederlân.
De plysje seach 32 karavans en 41 oanhingweinen nei. De measte fan de njoggentjin bekeuring waarden takend omdat de remmen net doogden.